It geloksbern

Hilda Talsma

Language: Dutch

Published: Aug 31, 2013

Description:

As Betty nei in skoft yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan Evert en har dochter Ymkje witte. Se hat slim lêst fan skuldgefoel èn fan har ferbrânde earm, dy’t noch net goed genêzen is. Elske besiket har wat op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret. Se komt swier ûnder de betsjoening fan Emiel, mei in stim dy’t like rau en rûch is as de sjonger sels. Betty wol suver wer âlderwetsk los en de maten út har wylde tiid kinne de eagen net fan har ôfhâlde. Mar dan bedjert har suster Akkelyn, lykas altyd, it feest.
Mei dit tredde diel oer Elske, Ronny en Betty slút Hilda Talsma dizze searje op in tige meinimmende wize ôf. Har flotte en humoristyske styl en de fanselssprekkende natuerlikens fan de haadpersoanen sprekke in breed publyk oan. In spannend boek, dêr’t in protte yn bart. Boeiend fan begjin oant ein. Earder skreau Hilda Talsma De twadde hûd, wêryn’t Ronny en Elske inoar nei jierren wer treffe. Yn Flammen stiet har houliksfeest sintraal. En yn dit tredde diel komme de ferskillende linen byinoar.



**Recencie(s)**

Als Betty na haar bevalling thuiskomt uit het ziekenhuis, moet ze eerst erg wennen aan de verzorging van haar dochtertje en haar schuldgevoelens aan de kant zetten. Ook heeft ze nogal last van haar verbrande arm. Vrienden proberen haar te helpen en ze bloeit op bij het organiseren van een concert van de (Friese) band De Hûnekop. Ze raakt diep onder de indruk van zanger Emiel, maar dan gooit haar zus Akkelyn roet in het eten. Zal ze uiteindelijk toch nog het geluk vinden? Eigentijdse Friestalige roman, waarbij de auteur (1971) mikt op een jeugdig lezerspubliek van twintigers, met name door het vlotte en openhartige taalgebruik. De diverse dorpspersonages uit de vorige delen komen weer voorbij, waardoor het wenselijk is om eerst 'De twadde hûd'* (2011) en 'Flammen'** (2012) gelezen te hebben; dit is het slotdeel. Kleine druk.
R.A. Wagenaar-Duursma
(source: Bol.com)